Deistich trochsneed oan nije coronabesmettings sakket ûnder de 50

08 jun 2021 - 15:18

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 32 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der santjin minder as moandei. Doe gie it om 49 besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 49 deis. Juster lei dat trochsneed noch op 53, in wike lyn op 85. De lêste kear dat it trochsneed ûnder de 50 lei, wie op 27 septimber ferline jier.

Sân gemeenten sûnder nije gefallen

De measte nije besmettingen binne tiisdei meld yn de gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân mei elk 7. Yn sân Fryske gemeenten binne tiisdei gjin nije besmettingen meld. Dat giet om Harns, Eaststellingwerf, Dantumadiel en de fjouwer eilannen.

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om in ynwenner fan Smellingerlân. Der binne gjin persoanen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 1.465 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 2.057 deis.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)