VVD-riedslid Emile Vogels ferstoarn: "Ferjit gjinien, dat typearre him echt"

08 jun 2021 - 14:08

Bouboer en VVD-riedslid Emile Vogels fan Furdgum kaam ôfrûne freed op 69-jierrige leeftiid om it libben by in ûngelok op de Camstrawei by Tsjummearum. Vogels waard op syn sitmeaner oanriden troch in 31-jierrige automobilist.

Foto: VVD Waadhoeke

It yn Tsjummearum berne riedslid wie bekend fan de boere-aksjes begjin jierren '90. Hy wie aktyf by in soad organisaasjes, lykas de Vereniging voor Volksvermaken, keatsferiening Tsjummearum en as haadbestjoerslid by it keatsbûn KNKB. Yn 2017 waard Vogels beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Ferbinend en meilibjend

Joke Osinga, fraksjefoarsitter fan de VVD-Waadhoeke, neamt it ferstjerren fan Vogels in grutte klap. "Foar syn frou, syn bern en foar syn fierdere famylje. Mar wy as fraksje binne ek bot skrokken."

Vogels, dy't bouboer wie by Furdgum, wie hiel wichtich foar de VVD-fraksje. "Hy wie tige belutsen by de wrâld om him hinne en by de minsken om him hinne. It wie in warbere man", seit Osinga. "It wie in persoan dyt him ferbinend en meilibjend ynstelde, en altiten oplossingen hie."

'Ferjit gjinien'

Op 3 juny wie Vogels foar de lêste kear oan it wurd yn de gemeenteried. Hy makke him doe sterk foar de ferdieling fan de coronajilden oer de kulturele ynstellingen. De lytsere ynstellingen mochten net fergetten wurde, fûn Vogels. "Osinga: "'Ferjit gjinien', dat typearre him echt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)