Delgong yn tal coronapasjinten Fryske sikehuzen set troch

08 jun 2021 - 13:48

Der lizze op it stuit fyftjin coronapasjinten yn Fryske sikehuzen. Dêrfan lizze der acht op in intensive care-bêd. Dat meldt it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland. Ofrûne freed leine der noch 23 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen.

Goed in moanne lyn, op 7 maaie, leine der noch 76 pasjinten mei it coronafirus yn Fryske sikehuzen.

Yn Grinslân en Drinte lizze op it stuit noch 37 coronapasjinten yn it sikehûs.

Foto: ANP Foto
(Advertinsje)
(Advertinsje)