Plysje mei fûillearje en kontrolearje by Ljouwerter finzenis fanwege swiere kriminelen

08 jun 2021 - 11:35

Om mooglike ûntsnappingen foar te kommen wol boargemaster Buma fan Ljouwert ekstra tafersjoch by de finzenis. Buma sil it gebiet om de PI Ljouwert oanwize as feilichheidsrisikogebiet. Dat betsjut dat de plysje dêr it foech krijt om minsken te fûillearjen of auto's te kontrolearjen.

De Ljouwerter finzenis is de twadde yn Nederlân dêr't dizze maatregel trochfierd wurdt:

De plysje hat Buma it advys jûn om dizze maatregel te nimmen. De offisier fan justysje moat earst noch wol tastimming jaan om de maatregel troch te fieren.

De Ljouwerter finzenis hat sûnt ferline jier maart in spesjale ôfdieling foar swiere kriminelen. De Afdeling Intensief Toezicht (AIT) hat tolve sellen mei feroardielden dy't foar tige swiere delikten fêstsitte. "Het doel van dit intensieve toezicht is om te voorkomen dat gedetineerden doorgaan met criminele activiteiten tijdens hun detentie", skriuwt Buma yn in brief oan de gemeenteried.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

"Als algemeen uitgangspunt geldt dat deze gedetineerden doorgaans kunnen beschikken over een netwerk, met mensen en middelen, op grond waarvan de mogelijkheid tot een vluchtpoging uit de PI met gebruik van geweld en wapens wordt vergroot."

Twadde finzenis

Buma hat oerlis hân mei de plysje dy't de boargemaster it advys jûn hat om it terrein om de PI hinne oan te wizen as feilichheidsrisikogebiet. Buma wol dit gebiet net te grut meitsje sadat omwenners der net tefolle lêst fan hawwe en de ynfloed op 'het persoonlijke van burgers tot een minimum beperkt blijft'.

De PI Ljouwert is nei de Extra Beveiligde Inrichting Vught de twadde finzenis fan Nederlân wêrby't it gebiet derom hinne ekstra yn de gaten holden wurdt.

Untsnappe

De Ljouwert finzenis, noch hieltyd wol de Marwei neamd, waard ein jierren tachtich boud oan de Holstmeerwei. De finzenis stie bekend as ien dêr't je net út ûntsnappe koene.

Sûnt de iepening yn 1989 binne trije detinearden ûntsnapt. De meast opfallende wie de flecht nei de frijheid mei in helikopter yn 1991. In Turkse drugsbaron ferbjustere elkenien troch syn ûntsnapping troch de loft. Dat soarge doetiids foar in soad opskuor en politike diskusjes yn de Twadde Keamer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)