Wikel net heard yn draachflakûndersyk nei azc Balk: "Beeld is nu onvolledig"

08 jun 2021 - 11:20

It ûndersyk nei it draachflak foar it asylsikerssintrum yn Balk doocht net. Dat stelt it doarpsbelang fan Wikel, it doarp dat flak njonken Balk leit. Wikelers binne net meinaam yn it ûndersyk.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Op basis fan dat ûndersyk konkludearre it kolleezje fan De Fryske Marren dat der net genôch draachflak is om it azc langer iepen te hâlden. Dat wie wol it fersyk fan it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers (COA), sadat se dy tiid brûke koene om oare lokaasjes yn Fryslân te sykjen.

By it draachflakûndersyk is oan ynwenners fan Balk frege oft sy foar of tsjin in ferlinging fan it azc binne. Neffens it doarpsbelang fan Wikel hie it kolleezje de ynwenners fan it njonkenlizzende doarp ek freegje moatten wat sy derfan fine.

Fan de dielnimmers oan it ûndersyk is 38% (sterk) tsjin de ferlinging en 44% (sterk) foar de ferlinging.

By de minsken dy't ticht by it azc wenje, is it draachflak minder. Fan harren is 62% (sterk) tsjin de ferlinging en 29% (sterk) foar.

Oan it ûndersyk ha 826 adressen meidien. Yn totaal binne der 2.495 adressen yn Balk.

"Als je naar de locatie kijkt van het azc, dan ligt het op het grondgebied van Balk, maar het zit maar een paar honderd meter van Wijckel af", seit sekretaris Jan Veeken fan Doarpsbelang Wikel. "Zelfs de dichtstbijzijnde woningen van Wijckel, die op 300 meter liggen, zijn niet geraadpleegd. Die mensen gaan langs het azc als ze boodschappen doen."

Wikel hat gjin skoalle en gjin winkels, is it argumint. Hast alle ynwenners fan Wikel brûke dêrom de foarsjennings yn Balk, neffens it doarpsbelang.

"Onvolledig beeld"

Wêrom't minsken yn Wikel net frege binne, wit Veeken net. "Tot ons verbazing zie ik nu een draagvlakonderzoek. Ik dacht: dan wordt ook vast naar Wijckel gekeken."

"Het is nu een onvolledig beeld, vinden wij. Het college het draagvlakonderzoek nu niet gebruiken als basis voor de besluitvorming." Wat de ynwenners fan Wikel fan it azc fine, doart Veeken net te sizzen. "Maar in zijn algemeenheid zijn de geluiden redelijk positief. Er zijn geen negatieve ervaringen."

Foto: Omrop Fryslân

Oer de kwestje is in petysje opset yn de gemeente. Ek binne der brieven ynstjoerd dêr't yn it riedspetear fan de gemeente op moandei oer praat is. Neffens Jan van Zanden, CDA-fraksjefoarsitter fan De Fryske Marren, gie it benammen oer de ynterpretaasje fan it draachflakûndersyk.

Van Zanden fynt it wichtich om te sjen wat der barre sil mei de minsken dy't harren net útsprutsen ha yn it ûndersyk. "De fraach is: de groep dy't him net utere hat, wat bart dêrmei? Dat sille wy ek noait witte."

De minsklike maat

Trije bewenners fan it azc litte no ek fan harren hearre troch in brief te skriuwen, dêr't se yn skriuwe dat de minsklike maat net út it each ferlern wurde moat.

Dat fynt Van Zanden ek wichtich. "It giet om minsken, dat stiet by ús foarop", seit de CDA'er. "'Ofspraak is ôfspraak' is ek hiel wichtich, mar je hawwe ek te krijen mei minsken dy't hjir kamen út erbarmlike omstannichheden wei."

Stânpunt

Neffens Van Zanden hat likernôch de helte fan de minsken yn it azc al in status en sille sy ynkoarten in wente krije. "Wy ha begrepen dat it COA derop ynset om de minsken foar septimber al te pleatsen. Se besykje de oare groepen minsken ek op tiid te pleatsen, sa't je gjin frjemde situaasje krije."

"Dy minsklike maat is hiel wichtich. Dat makket dizze kwestje ek sa lestich.", seit Van Zanden. De CDA-fraksje sil tiisdeitejûn in stânpunt oer de kwestje ynnimme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)