Moardfertochte Mûnein nei Pieter Baan Sintrum foar psychologysk ûndersyk

08 jun 2021 - 11:09

De 28-jierrige man dy't derfan fertocht wurdt dat hy yn juny foarich jier yn in wenning oan de Mounewei yn Mûnein de 44-jierrige Walter Könemann út Almere deastutsen hat, giet nei it Pieter Baan Sintrum (PBS) foar psychologysk ûndersyk. Dat hat it Iepenbier Ministearje tiisdei bekend makke by in pro-formasitting yn de Ljouwerter rjochtbank.

Foto: De Vries Media

Om't de fertochte nei it PBS giet, sil de ynhâldlike behanneling fan de saak pas ein dit jier of begjin 2022 plakhawwe. Op 16 maart hat der op fersyk fan advokaat Rob Jan Pardijs in rekonstruksje west.

De fertochte hat meiwurke oan dy rekonstruksje. Neffens Pardijs hat syn kliïnt alles wat der yn de wenning bard wêze soe sjen litten en útbylde. De riedsman neamde de rekonstruksje "de ultieme verklaring van mijn cliënt". De advokaat sei dat de fertochte him beropt op needwar. It deadlike slachtoffer wie befreone mei de man út Mûnein, hy wie dy dei op besite.

De fertochte wenne oan de oare kant fan de strjitte. Hy hie earder op 'e dei del west by syn doarpsgenoat en kaam letter werom, mei in stien en in mes. Dêrnei rûn it út 'e hân yn it hûs.

Trefwurden: 
rjochtbank moard Mûnein
(Advertinsje)
(Advertinsje)