Judoka Sanne Vermeer hat patint op brûns: "Dus ik heb wel medaillekansen op het WK"

08 jun 2021 - 10:37

"Ik moet zeggen dat ik het wel spannend vind", seit Sanne Vermeer yn oanrin nei it WK judo yn it Hongaarske Boedapest. De judoka fan Stiens is net oanwiisd foar de Olympyske Spelen en dus is har hiele seizoen ynrjochte op it wrâldkampioenschap. Op woansdei komt se yn aksje yn de gewichtsklasse oant en mei 63 kilogram.

Sanne Vermeer sjocht foarút op it toernoai:

"Het is wel het belangrijkste toernooi voor mij voor dit jaar", seit Vermeer, dy't yn april op it EK noch brûns pakte. "Wel gek dat voor heel veel andere mensen hierna nog de Spelen komen."

Dat har tsjinstanners op it WK ek rekken hâlde moatte mei de Spelen seis wiken letter soe har wol ris foardiel jaan kinne. "Het kan zijn dat zij toch wat minder risico's nemen op het WK en dat ze wat op zeker spelen. Dus als er iets gebeurt dat ze zeggen: ik ga niet verder met het toernooi", seit de Friezinne.

Medaljekânsen

Vermeer fynt it dochs lestich om har eigen kânsen foar it WK yn te skatten. "Op de laatste toernooien ben ik altijd derde geworden", laket Vermeer. "Dus ik denk dat ik wel medaillekansen hebt, maar het hangt natuurlijk ook af van de dag zelf."

De judoka hat yndied in patint op brûnzen medaljes dit seizoen. Op de Grand Slam fan Kazan, de Grand Slam fan Tel Aviv, de Doha Masters yn Katar en it Europeesk kampioenskip waard se tredde.

Fokus

It doel fan de Friezinne op woansdei is dan ek dúdlik: in medalje. "Ik wil altijd voor die medaille gaan. Ik denk dat dat mij ook wel drijft", seit Vermeer.

Dochs wol se dat sels net op dy wize útsprekke. "Ik denk dat als het je doel is dat het misschien moeilijker is om je te focussen op je wedstrijden zelf. Ik merk wel dat dat mij echt ver gebracht heeft", seit de judoka. En dus is de strategy: "Focus op elke partij en dan zien waar het je brengt."

Trefwurden: 
judo Sanne Vermeer WK judo
(Advertinsje)
(Advertinsje)