Fersteuring sânplaat de Richel yn coronatiid: ponton hâldt no wer tafersjoch

08 jun 2021 - 09:30

Mei in driuwend ponton binne der moandei wer 'Waadwachters' nei sânplaat de Richel helle, eastlik fan Flylân. Dy Waadwachters hâlde tafersjoch op it eilantsje, registrearje bisten en planten en jouwe foarljochting oan rekreanten. In wichtige taak om't Richel in briedplak is foar in soad fûgels.

It Waadponton - Foto: Rijkswaterstaat Noord Nederland

Troch it coronafirus koe der ferline jier gjin tafersjoch wêze. Neffens Rykswettersteat hat bliken dien dat der in soad minsken op it ferbeane terrein omspaanden.

Yn it ferline waard it wurk dien troch minsken fan Natuurmonumenten, mar no falle de Waadwachters ûnder Rykswettersteat. It driuwende Waadwachtersponton wurdt alle jierren fersleept nei de Richel. Moandei kamen frijwilligers fuort al nêsten fan strânljippen tsjin.

Troch de oanwêzigens kin de natuer op de plaat beskerme wurde tsjin fersteuring. "Voorlichting, gastheerschap en monitoring", dat binne de taken sa't Rykswettersteat se beneamt.

Rêstplak fan belang

De Richel is in rêstplak foar in soad bisten, by heech- en leech wetter. Foar kwetsbere fûgels as de strânljip, de sângril en de stirns is it fan libbensbelang.

Dêrom besykje de frijwilligers rekreanten yn it gebiet bewust te meitsjen fan de wearde fan it Wrâlderfgoed. Sy jouwe foarljochting mei de saneamde 'Erecode voor Wadliefhebbers', dat omtinken hat foar de kwetsbere natuer.

Fersteuring yn lockdowntiid

Minsken meie graach efkes op de Richel sjen, seit koördinator Henk Middendorp fan Rijkswaterstaat. "Afgelopen coronajaar was er geen bemensing en zagen we dat het verboden gebied vaak werd betreden. Dat bevestigt het belang van deze vorm van Waddenbeheer", sa skreau Rykswettersteat.

Henk Middendorp fan Rykswettersteat

(Advertinsje)
(Advertinsje)