Noed oer ûnbefeilige spoaroergong Hylpen: "Ik houd iedere keer mijn hart vast"

'Pas de ûnbefeilige oergong oan de Skûlenboarch yn Hylpen sa gau as mooglik oan', dy oprop dogge omwenners fan de oergong. Sy binne bot skrokken fan it ûngelok yn Boazum, wêrby't twa minsken kamen te ferstjerren. De oergong yn Hylpen wurdt brûkt troch kij en toeristen.
Noed oer ûnbefeilige spoar-oergong Hylpen: "Ik houd iedere keer mijn hart vast"
"Er moeten toeristen overheen om bij mijn accommodatie te komen", seit Guido Furthmüller. "Je ziet niks en dat is levensgevaarlijk. Het ging al drie keer bijna fout hier. Ik houd altijd mijn hart vast."

Toeristen

"Kijk, je ziet pas goed of er een trein aankomt, als je al heel dichtbij het spoor staat", begjint Furthmüller syn ferhaal wylst hy nei de oergong wiist. De oergong leit oan de efterkant fan in melkfeehâlderij.
Kij oer de oergong by Hylpen © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De trein raast dus alle dagen oer it hiem fan de boer. "De toeristen komen ook via die achterkant van de boerderij binnen", seit Furthmüller. "Ze steken dan over bij de overgang van het spoor en komen op een doodlopende weg uit."

Trije oanridingen

Dy dyk einiget by de groepsakkommodaasje fan Furthmüller. It is in nuvere konstruksje en dus wol hy dat alles oanpast wurdt. "Maar dat willen we al sinds 2017. Zo lang lopen die gesprekken al, maar er wordt maar geen actie ondernomen. Het kalf moet eerst verdrinken voor de deksel op de put gaat."
Der hat al trije kear in oanriding west. "Maar dat liep altijd net goed af. Een postbode werd in zijn bak geraakt van zijn vrachtwagen. Dat valt dan mee, maar het kan veel erger."
Guido Furthmüller by de oergong fan Hylpen © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort yn Hylpen
Mar net allinnich toeristen moatte oer de oergong by Hylpen. De kij fan boer Sybren Bokma rinne ek twa kear per dei oer de oergong. "Myn greide stiet oan de oare kant", begjint Bokma syn ferhaal. "Ik wol eins dat der in tunnel komt, want dit is gefaarlik foar de kij en foar de minsken yn de trein. Mar dy tunnel kostet klauwen mei jild."

Puzel

Njonken dat is der noch in probleem, want as der wol slachbomen komme, dan meie de kij der net mear oer hinne. Sa stiet it yn de wet. Dat kin foar ús net, want myn lân leit no gewoanwei oan de oare kant. Dus sy moatte wol oer it spoar. It is foar ProRail in hiele puzel. Ik bin benijd hoe't oft we dit oplosse. Der lizze plannen dat alles foar 2023 oanpast wurde moat, mar dat liket my hjir net mooglik."