Keaphuzen yn Fryslân gemiddeld noch hieltyd ûnder fraachpriis ferkocht

Huzen yn Fryslân wurde gemiddeld noch hieltyd ûnder de fraachpriis ferkocht. Dat docht bliken út sifers fan it CBS en it Kadaster oer it jier 2020. It ferskil yn fraachpriis en keappriis is yn de lêste trije jier wol in stik lytser wurden.
© Shutterstock
Yn twa tredde fan de Nederlânske gemeenten waarden huzen yn 2020 gemiddeld boppe de fraachpriis ferkocht. Yn Fryslân is dat yn gjin ien gemeente it gefal. Yn de gemeenten Smellingerlân en Tytsjerksteradiel giene de keapwenningen gemiddeld presys foar de fraachpriis fuort.
De sifers fan it CBS binne yn Fryslân lykwols net hielendal folslein. Fan Ljouwert, Opsterlân en de Waadeilannen binne oer 2020 gjin sifers bekend.
Yn de gemeenten Harns en Waadhoeke binne de keapwenningen it 'goedkeapst' yn fergeliking mei de fraachpriis. Dêr wie de keappriis gemiddeld 2,1 persint leger as de fraachpriis.

Besjoch hjir de sifers yn dyn gemeente

Gemeente 2020 2017
Harns -2,1 -4,0
Waadhoeke -2,1 .
Weststellingwerf -1,8 -3,4
Noardeast-Fryslân -1,8 .
Dantumadiel -1,7 -4,4
Eaststellingwerf -1,6 -4,0
De Fryske Marren -1,3 -3,5
Achtkarspelen -1,2 -3,6
Súdwest-Fryslân -1,2 -3,6
Hearrenfean -0,8 -3,3
Smellingerlân 0,0 -3,3
Tytsjerksteradiel 0,0 -3,8
Amelân . .
Ljouwert . -2,7
Opsterlân . -3,4
Skiermûntseach . .
Skylge . -6,1
Flylân . .