It Amelân wer mear selsfoarsjennend mei sinnepark, wetterstof en biogas

Der moat in twadde sinnepark op It Amelân komme, dêrfoar hawwe de gemeente, Wetterskip Fryslân en de Amelander Energiecoöperatie (AEC) in oerienkomst sletten. It doel fan de enerzjykoöperaasje is dúdlik, seit direkteur Johan Kiewiet: It Amelân moat selsfoarsjennend wêze en foarop rinne yn de enerzjytransysje.
It nije sinnepark komt oan de súdkant fan it eilân, njonken it terrein fan de rioelwettersuvering. It moat in fermogen draaie kinne fan 3 oant 4 Megawatt.
Bysûnder is dat der in akkupakket fan sa'n 3 MWh by de sinnepanielen komt. Dat hâldt yn dat de opwekte stroom tydlik opslein wurde kin. Op mominten as it sinnepark gjin stroom leverje kin, kin de stroom út de akku's brûkt wurde.

Stroomferlet

Direkteur Kiewiet fertelt dat dizze 'batterij' it projekt op it eilân tige bysûnder makket. It al besteande sinnepark leveret genôch stroom foar alle húshâldens op it eilân, mar mei it twadde fjild kinne ek bedriuwen en rekreaasje de eilanner stroom brûke.
Gemeente Amelân wurket al lange tiid gear mei de enerzjykoöperaasje. Ek it eardere sinnepark is yn 2016 oanlein troch dy twa partijen, yn gearwurking mei Eneco. Wetterskip Fryslân wol op koarte termyn fjirtich persint fan har enerzjyferlet op of by rioelwettersuveringen opwekke op in duorsume wize.

Wetterstof en biogas

Njonken it sinnepark wol de enerzjykoöperaasje yn de takomst ek in biofergister en in saneamde 'elektrolyzer' delsette. Mei dat lêste systeem kin wetterstof makke wurde. En mei dy wetterstof kin fia de biofergister wer duorsum gas produsearre wurde. Dat kin út bygelyks rioelslib fan de wettersuvering.
De akku's soargje der foar dat de hoemannichte stroom goed oer it jier ferdield wurde kin. Yn de winter is der mear ferlet fan gas: dêrfoar kin it biogas ynset wurde. En yn de simmer wurdt wer mear stroom en gas foar it dûsen brûkt.