Koade giel yn Fryslân fanwegen tichte mist wer foarby

It KNMI hat tiisdeitemoarn betiid koade giel ôfjûn foar de provinsje Fryslân fanwegen pleatslike tichte mist. Krekt foar acht oere waard de warskôging wer ynlutsen. De mist koe soargje foar hinder yn it ferkear.
© Albert Thibaudier
Healwei de moarns sil de mist en dize neffens it KNMI oplosse.
De koade giel jilde ek foar de provinsjes Drinte, Flevolân en Oerisel.