Man ferwûne by stekynsidint op Wirdumerdyk yn Ljouwert

08 jun 2021 - 06:25

By in stekynsidint op de Wirdumerdyk yn Ljouwert is moandeitejûn in man ferwûne rekke. De plysje hat tiisdeitemoarn yn in wenning oan de Elisabethstrjitte in 30-jierrige fertochte út Ljouwert oanholden. It slachtoffer is mei stekwûnen oerbrocht nei it sikehûs.

Foto: Kappers Media

De plysje krige om likernôch tsien minuten foar alven in melding fan in stekynsident. Doe't de helptsjinsten te plak kamen, troffen se de man mei stekwûnen oan.

Wat der presys bard is, is noch net dúdlik. De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe op de Wirdumerdyk of de omjouwing fan de Waach dat mooglik te krijen hat mei it ynsidint dêrom kontakt op te nimmen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)