Boalsert krijt dizze wike de toer werom op it stedhûs

Al mei al hat it hast twa jier duorre, mar it stedhûs fan Boalsert krijt dizze dagen syn toer werom. Tiisdei giet de toer mei in boat nei de stêd en de kommende dagen wurdt de toer yn etappen werompleatst.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De toer is der al sûnt it neijier fan 2019 ôf foar in restauraasje. Hy wie bot oantaaste troch de bûnte kjifkrobbe. Dat bistje is mar seis milimeter, mar fret him dwers troch ikehout hinne. Dêrtroch wienen de balken swak wurden.
Restauraasjespesjalisten yn Snits ha de toer de ôfrûne tiid yn âlde steat opknapt.
Tiisdei giet de toer mei in boat werom nei Boalsert. Dêr moat er oan de ein fan de middei oankomme, is de planning.
© Timo Jepkema
Woansdei wurdt de toer yn twa kear weromset op it eardere stedhûs. Tongersdei komt dan de spits der noch op. Om foar te kommen dat der tefolle minsken op it spektakel ôfkomme, fersoarget de gemeente Súdwest-Fryslân in livestream.
Sa waard de spits fan de toer yn septimber 2019 derôfhelle: