Ljouwert slút him oan by Tytsjerksteradiel en warskôget ministearje: gjin gaswinning

07 jun 2021 - 22:19

It Ryk moat Vermilion gjin tastimming jaan om gas te boarjen út it fjild Tietjerk. Dat skriuwt it kolleezje fan de gemeente Ljouwert yn in brief oan it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat. It gasfjild leit foar in part binnen de gemeentegrinzen fan Ljouwert.

Gaswinning fan Vermilion - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Yn it algemien is de gemeente Ljouwert tsjin gaswinning, mar by dit plan binne der boppedat noch te folle saken ûnwis neffens de gemeente. "Het plan bevat te veel open einden."

Ien fan de saken dêr't noch ûndúdlikheid oer is, is hoefolle gas oft yn de grûn sit. Dat moat noch oantoand wurde en eventueel wurdt 'fracking' ynset om de boaiem geskikt te meitsjen foar gaswinning. By fracking wurde stoffen de grûn yn brocht om de gastastream te ferbetterjen. "Tegen 'fracking' verzetten wij ons om milieutechnische redenen faliekant", stiet yn de brief.

Hiermee verliest de overheid sturing en grip op het gasbeleid.

In warskôging fan de gemeente Ljouwert oan it ministearje

De gemeente warskôget it ministearje ek. Vermilion soe in 'carte blanche' krije, as it ministearje in fergunning ôfjout foar de kommende tritich jier. "Hiermee verliest de overheid sturing en grip op het gasbeleid."

Folle mear as in advys jaan kinne lokale en regionale oerheden net. Uteinlik beslút it Ryk oft in fergunning ôfjûn wurdt.

Mocht it ministearje dochs neitinke om in útwreiding fan de gaswinning ta te stean, dan hopet Ljouwert dat it ministearje sjocht nei de maatskiplike ûnrêst. It grutste part fan it gasfjild Tietjerk leit yn de gemeente Tytsjerksteradiel.

Earder hat de gemeente Tytsjerksteradiel ek al in negatyf advys útbrocht oer de gaswinplannen. Dat ha Achtkarspelen en Smellingerlân ek dien. De foarige minister sei de oanfraach fan Vermilion net op foarhân ôf te wizen.

"Door de grote schade die door aardgaswinning en aardbevingen is aangericht in het nabijgelegen Groningen is het duidelijk en begruipelijk dat in onze buurgemeente hierdoor onrust is ontstaan", skriuwt Ljouwert. "Wij sluiten ook in onze gemeente maatschappelijke onrust niet uit."

Troch de plannen om op te hâlden mei it winnen út it grutte Grinslanner gasfjild, ferskoot de fokus nei lytsere gasfjilden. Dêrfan lizze in soad yn Fryslân. "Wij zien de maatschappelijke onrust in onze regio breed en snel toenemen", skriuwe boargemaster en wethâlders fan Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)