Fakbûn wol snelheid fan treinen by ûnbefeilige oergongen foars omleech

07 jun 2021 - 20:22

De snelheid op it spoar by ûnbefeilige oerwegen moat drastysk omleech. Dêrfoar hat FNV Spoor-bestjoerder Henri Janssen moandei yn in spoedoerlis pleite by it Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. Tachtich kilometer yn de oere moat de maksimale snelheid wurde, fynt er.

Salang't de oergongen net befeilige binne, moatte der oare maatregels komme, fynt it FNV:

Hoe kinne je deadlike ûngemakken op ûnbefeilige oerwegen foarkomme? Dy fraach stiet wer sintraal nei it deadlik ûngemak by Boazum, ôfrûne sneon. In pear kaam dêr mei de auto ûnder de trein en oerlibbe it net. De oergong by Boazum wurdt op termyn befeilige, mar pas ein 2022.

"It is it earste dat wy beprate mei de gasten", seit Frans de Boer. Hy is de eigener fan de camping achter it spoar. "We wize de gasten derop dat de trein yn de spits acht kear yn de oere delkomt. Dat se dus goed oplette moatte."

De ympakt is hjir hiel grut. Elkenien wie yn shock.

Frans de Boer, eigener fan de camping by de spoaroergong yn Boazum

De Boer is noch hieltyd bot ûnder de yndruk fan it ûngemak. Hy wie as ien fan de earsten teplak en hie fuort troch dat it om syn gasten gong. "De ympakt is hjir hiel grut. Elkenien wie derfan yn shock. It is net te omskriuwen eins."

Wêrom net earder?

Al jierren trunet De Boer oan op de oanpak fan de oergong. Der kamen Andreaskruzen en stekken te stean. "Mar fan ProRail, de spoarbehearder, ha ik noait wat heard. Ik hearde fan ien út it doarp dat de oergong befeilige wurde soe. Dat der oerienstemming wie tusken de gemeente, provinsje en spoarbehearder."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Dêr is De Boer wiis mei, mar by him libbet ien fraach: "Werom kin dit net fuortendaliks oanpakt wurde? Sa dreech is dat net, liket my. No moatte wy wachtsje oant it alderlêst."

ProRail wol graach fan ûnbefeilige oergongen ôf

De ferklearing dêrfoar leit by ProRail. Wurdfierder Aldert Baas: "Eind 2020 hebben we alles getekend en dus worden er nu plannen gemaakt. Het lijkt allemaal heel simpel, maar er zijn veel factoren waar je rekening mee moet houden. We willen heel graag af van dit soort van overwegen."

Dat it ProRail serieus is, docht ek wol bliken út har hannelswize. Sa seit in stel - dat by Dronryp oan in ûnbefeilige oergong wennet - dat se har bot ûnder druk set fielden troch de spoarbehearder.

In meiwurker soe by in besite sein ha dat ProRail it hûs wol keapje woe en dat it stil dan wol ferhûzje koe nei it doarp. It stel, dat anonym bliuwe wol, seit goed siik west te hawwen fan de besite en de wize hoe't dat gie. Plannen om te ferhûzjen ha se net. Se wolle oant har dea lâns it spoar wenjen bliuwe.

Henri Janssen fan fakbûn FNV Spoor fynt dat treinen yn de tuskentiid stadiger ride moatte by ûnbefeilige spoaroergongen. De Boer is it dêrmei iens: "Lit se hjir mar ôfremje."

It is ien fan de saken dy't ProRail mei ferfierder Arriva beprate sil, seit Baas: "We zijn in gesprek met de vervoerder om te kijken wat er verder gedaan kan worden aan de veiligheid. De overgang zelf is overzichtelijk. Er staat een kruis en een hek en de trein is goed zichtbaar."

ProRail: legere snelheid smyt oare gefaren op

Baas freget him ôf oft it ferleegjen fan de snelheid de oplossing is. Dat betsjut nammentlik dat it by oare befeilige oergongen betsjutte kin dat ferkear dêr langer wachtsje moat en dat minsken dan tusken de bomen troch slalomje. "Dat levert ook gevaar op", seit Baas.

De NS past de snelheid wol oan by ûnbefeilige oerwegen. Dy maatregel is naam nei in oanriding by Hooghalen yn Drinte. Dêr kaam by in oanriding in masinist om it libben.

De trein in oare kleur jaan?

Ut it ûndersyk nei dat ûngelok kaam ek nei foaren dat de treinen net goed sichtber binne. De NS lit de foarside wer giel meitsje, sadat dy mear opfalle yn it lânskip. Arriva seit dat de kleuren fan har treinen foldogge oan de easken. Ek ride de treinen altyd mei de koplampen oan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)