Soad ûnwissichheid oer fakânsje: "Regels veranderen elke 24 uur"

07 jun 2021 - 19:59

De fakânsjes stean wer foar de doar. En dat betsjut in soad drokte by de reisburo's. Mar by reizgers is in soad ûnwis, want wêr kinne je wol en wêr kinne je net hinne?

Minsken wolle benammen nei de sinne, fernimme se by it reisburo:

De regels binne foar elk lân wer oars en feroarje hieltyd. Dat smyt in soad ûnwissichheid en ekstra wurk op, sjocht ek Jantine van der Veen fan reisburo The Travel Club yn Stiens. "Reizigers hebben veel vragen, bijvoorbeeld welke papieren ze nodig hebben en of ze gevaccineerd moeten worden."

En de aktualiteit feroaret dus ek gau. "Eigenlijk per 24 uur. Je weet de ene dag niet wat je de volgende dag te wachten staat", seit van der Veen. "Het is allemaal heel verwarrend."

Afgelopen week hebben mensen geboekt voor een bestemming waarvan vandaag de voorwaarden weer gewijzigd zijn.

Reisburo-eigener Erik van der Waard

By reisburo InterNoord yn Ljouwert binne se goed op 'e hichte van de regels yn de ferskate lannen, mar dat dy elke dei feroarje is wol lestich. "We zijn continu aan het adviseren waar mensen wel en niet heen kunnen. Afgelopen week hebben mensen geboekt voor een bestemming waarvan vandaag de voorwaarden weer gewijzigd zijn", seit eigener Erik van der Waard.

Ferantwurdlikheid foar de reizger

Der giet dan ek in soad tiid sitten yn it omboeken fan fakânsjes. Van der Waard fynt it de ferantwurdlikheid fan de reizgers om te sjen oft sy feilich op reis kinne. "Uiteindelijk is het: zorg dat je zelf goed op de hoogte blijft van wat nodig is en wat mogelijk is."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Ek al is der in soad ûnwis en ha de reizgers noch wol fragen, de reisburo's sjogge it oantal boekingen enoarm tanimmen. Van der Waard: "De drukte is nog niet zoals we gewend zijn in deze periode omdat nog niet alles open is, maar er is zeer veel animo."

Dat seit ek Van der Veen: "We hebben ook wel veel boekingen naar landen die op dit moment op code geel staan, dus daar zijn we heel blij mee."

Fakânsjes wurde hieltyd djoerder

En al kin de sitewaasje elk momint feroarje, neffens de reisburo's is it wol ferstannich om sa gau as mooglik in fakânsje te boeken. De ferwachting is dat de fakânsjes hieltyd djoerder wurde. "Als je in augustus nog wilt boeken is er niet veel keus meer", seit Van der Veen. Van der Waard slút him derby oan. "Ik zou zeker adviseren om te boeken als je van plan bent om te gaan, want de kans dat er straks krapte ontstaat, met name in de vakantieperiode, is vrij groot."

(Advertinsje)
(Advertinsje)