Mei Tokio yn sicht siket Marit Bouwmeester allinnich noch 'urginsje'

07 jun 2021 - 19:02

Scheveningen: dêr moatte foar Marit Bouwmeester de lêste puntsjes op de 'i' set wurde yn tarieding op de Olympyske Spelen yn Tokio. Mei har coach en broer Roelof Bouwmeester begjint dêr har lêste tarieding yn de jacht op in twadde gouden medalje.

Bouwmeester siket 'de urginsje' yn it silen fan in race:

Mei de Spelen yn sicht siket Bouwmeester allinnich noch nei, sa't se it sels neamt, 'de urginsje' yn it silen fan in race. "Myn lêste evenemint wie it EK, ferline jier oktober. En ik bin ien dy't altyd wol wat wedstriden nedich hat foar ritme."

Oer in pear wiken set de sylster út Warten ôf nei Japan. De earste olympyske races yn de Laser Radial-klasse binne op 25 july.

Van der Meer sjocht foarút

Friezinne Laila van der Meer pakte mei Bjarne Brouwer de gouden medalje op de regatta yn Medemblik yn de Nacra-klasse. Dat smakket nei mear. "Ons doel op de lange termijn is om mee te doen om de medailles op de Olympische Spelen van 2024", seit se. De Spelen binne dan yn Parys.

Dit jier dogge Van der Meer en Brouwer net mei oan de Spelen. De kommende jierren steane yn ramt fan ferbetterjen. Dat begjint op it jeugd-WK, takom moanne.

Laila van der Meer pakte goud yn Medemblik en wol nei de Spelen fan 2024:

(Advertinsje)
(Advertinsje)