Akseptaasje homoseksualiteit yn fuotbalwrâld ferbetteret net: "Skelle docht sear"

07 jun 2021 - 18:35

It is min steld mei de akseptaasje fan spilers yn it proffuotbal en amateurfuotbal dy't homoseksueel of biseksueel binne. Dat stiet yn in krekt ferskynd rapport. Hetero is de noarm, en der is net folle sicht op ferbettering, docht dêrút bliken.

Sipke Jan Bousema - Foto: ThomasVaer Fotografie

'Rainbow Warrior' Sipke Jan Bousema set him yn foar akseptaasje fan homo's yn it amateurfuotbal yn Fryslân mei it hysjen fan reinbôgeflaggen by klups. "Trainers fan ferskate amateurklups kamen by inoar. De measten witte dat der in probleem is, homo as skelwurd komt faak foar."

Mear as de helte fan de proffuotballers fynt it belangryk dat de akseptaasje fan homo- en biseksualiteit yn it betelle fuotbal grutter wurdt. Sân op de tsien spilers jouwe yn it rapport dy algemiene akseptaasje in ûnfoldwaande. Fan de spilers jout 46 prosint oan dat it dreech is om iepentlik homoseksueel te wêzen.

Der is praat oer wat we deroan dwaan kinne. "It begjint eins mei it útsprekken en sjen litten dat elkenien wolkom is." De reinbôgeflagge is dêr in goed symboal foar. "Dat is in begjin. As in klup bygelyks seit: we stean hjirfoar, elk is gelyk. Je moatte der wol oer prate. It is dreech hoe't it derfoar stiet."

It docht sear as mei homo skolden wurdt.

Sipke Jan Bousema

"It is noch altyd nedich ast hearst hoe't jongeren prate oer homoseksualiteit yn it fuotbal, dan skrikst derfan. Dat der sa praat wurdt. It moat stoer wêze, faak hawwe dyjingen dy't it hurdst roppe, der sels faak wat issues mei. Folwoeksenen moatte sjen litte dat it gewoan is, mar ek grinzen bewake. It docht sear as mei homo skolden wurdt."

Profspilers doare net

Yn it proffuotbal binne spilers bang om har út te sprekken. "Se binne benaud foar de konsekwinsjes sa as transfers en sprekkkoaren. Se binne der wol, mar doare net om út de kast te kommen. Dan dôvest de ûntwikkeling fan in minske. Ast net dysels wêze kinst, hat dat ynfloed op it libben en de prestaasjes. As de omjouwing feilich is, dan kinst dy fierder ûntwikkelje."

Foto: Omrop Fryslân

Gijs Lokhorst, foarsitter fan Drachtster Boys, docht ek mei oan de aksje en der hinget ek in reinbôgeflagge op it kompleks. "It hat sels de aginda op de algemiene ledegearkomste helle. We ha útlein wat it inisjatyf is en dan snapt men it ek. It is bûtengewoan tryst dat it noch altyd nedich is."

It is bûtengewoan tryst dat dat roppen wurdt.

Gijs Lokhorst

"Ien fan ús jeugdspilers sei dat it wurd homo noait yn in positive kontekst brûkt wurdt, oft er no op de tribune sit of as spiler op it fjild nei in oertrêding of as in bal misgiet. It is bûtengewoan tryst dat dat roppen wurdt. Se realisearje har faak net dat se dêrmei in oar in soad fertriet dogge."

De klups moatte dúdlik meitsje dat soks net past yn de manier fan omgean mei inoar, fynt Lokhorst. "We ha respekt foar elkoar, elk is gelyk. We moatte in soad dwaan oan bewustwurding en foarljochting."

Oprop oan earedifyzjeklups

Tal fan klups dogge mei en ha de reinbôgeflagge. "Litte se allegear in statement meitsje, dat se noarmen en wearden sjen litte." Lokhorst hat ek noch in oprop foar de beide Fryske earedifyzjeklups. "SC Hearrenfean en SC Cambuur soenen ek meidwaan moatte. Dy moatte dêr ek in rol yn spylje."

Sipke Jan Bousema en Gijs Lokhorst

(Advertinsje)
(Advertinsje)