Sipke Hulshoff: "Yn de takomst haadtrainer by Cambuur? Sis noait noait"

It is in dream dy't útkomt foar Sipke Hulshoff. It is dan ek in prachtige ferfolchstap yn syn karriêre: fan de nûmer seis fan de earste difyzje nei de Rotterdamske Kuip.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Yn de jubileumútstjoering fan de SportCast fertelt de 46-jierrige Twizeler dat hy derfoar soargje moat dat de beloften fan Feyenoord sa gau as mooglik yn de earste difyzje fuotbalje. "It kampioenskip, dat is absolút it doel."
Hulshoff wie de ôfrûne twa jier assistint fan Wim Jonk by Volendam. Dêrfoar wurke er by Cambuur as assistint en dêr wie er sels even ynterim-haadtrainer.

Stap efterút?

De stap nei de beloften fan Jong Feyenoord yn de tredde difyzje liket dan op in stap efterút, mar dêr is Hulshoff it net mei iens. "As ik sjoch nei hoe grut oft de klup is en it feit dat ik sydlings by it earste alvetal belutsen bin, soe dit samar in hiele moaie stap foarút betsjutte kinne."
Ik hoopje it haadtrainerskip noch wol in kear mei te meitsjen en miskien is dat wol by Cambuur.
Sipke Hulshoff
"Minsken tinke wolris dat ik gjin haadtrainer wurde wol, mar dat is absolút net sa", seit Hulshoff. "De fuotballerij is gewoan net te foarsizzen. Dit aventoer bin ik oangien, wylst ik it goed nei it sin hie by Volendam en boppedat rûn myn kontrakt noch in jier troch."
En hoe sjocht de takomst derút? "Ik wol noch 20 jier mei yn dit moaie fak, en ik hoopje it haadtrainerskip noch wol in kear mei te meitsjen. Oft dat by Cambuur is? De kommende jierren net, mar sis noait noait."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje wy ek oare ûnderwerpen. Dizze wike is in jubileumedysje, it is nammentlik de hûndertste ôflevering.