Problemen mei nije boaten fan Doeksen: "It komt just trochdat se sa nij binne"

07 jun 2021 - 21:04

Nei problemen mei MS Willem Barentsz fart de MS Willem de Vlamingh fan rederij Doeksen no ek net mear. By de Willem Barentsz wie de stroom en de motor útfallen. Doe't de Willem de Vlamingh ek problemen mei de stroom krige, hat Doeksen út foarsoarch de boat oan de kant holden.

Minsken ferlitte it skip yn steuring:

"We binne sneon bot skrokken", seit Doeksen-direkteur Dirk Spoor. "Dus doe't we hjoed oan de ein fan de middei wer in steuring hienen, ha we direkt sein: we moatte ekstra foarsichtich wêze. Sneon lei de Willem Barentsz stil op it Waad, dat woenen we no net wer ha."

Reizgers mei snelboat oerbrocht, auto's mei frachtboat

De problemen mei Willem de Vlamingh begûnen moandei oan de ein fan de middei, doe't de boat fuort farre soe út de haven fan Harns. De 161 reizgers koene fan de boat ôf en mei de snelboat noch nei Skylge ta. De frachtboat MS Noord Nederland hat de auto's oerbrocht.

"We ha ferskate boaten en it wie net in hiel drokke dei. Dus we koenen de frachtboat noch gau even brûke foar de auto's."

Foar de Willem de Vlamingh is it foar it earst dat der problemen binne. De Willem Barentsz hat wol earder te krijen hân mei in technysk mankemint. Yn july fan 2020 waard de boat twa dagen nei de earste tocht tydlik út de feart helle.

Moandeitejûn dienen de motoaren fan de Willem de Vlamingh it gewoan wer, seit Spoor. "We koenen wer opstarte. Der is allinnich noch wol wat stikken yn in bepaald systeem. Tiisdeitemoarn fiere we dêr in reparaasje op út, dêrnei kinne we wer farre."

De Willem de Vlamingh oan de kant yn Harns - Foto: Gromet.nl, Germen de Groot

De Willem Barentsz leit der langer út. Dy tsjinstregeling wurdt foarearst oernaam troch de MS Friesland. De presise reden fan de problemen wurdt op it stuit ûndersocht. "In grut diel fan de puzel ha we kompleet", seit Spoor. "Mar we binne der noch net hielendal út, dus de kommende dagen giet it ûndersyk fierder."

Gefolgen tsjinstregeling?

Woansdei moat der mear dúdlik wêze. "Dan witte we hooplik oft we fan it wykein wer farre kinne." Oant dy tiid kin Doeksen de reizgers ferfiere mei oare boaten. Mochten de problemen foar it wykein net ferholpen wêze, dan hat it wol gefolgen foar de tsjinstregeling.

As der mear technyk yn sit, kin der ek mear stikken.

Doeksen-direkteur Dirk Spoor

De Willem Barentsz en Willem de Vlamingh binne nije boaten. Se kamen respektyflik ôfrûne july en jannewaris yn de tsjinstregeling. De problemen komme net ûnferwachts, seit Spoor. Hy omskriuwt as 'bernesykten'. "It komt just trochdat se sa nij binne. It binne high tech boaten, wêrby't de latte frij heech leit."

Troch dy hege easken, binne der ek earder problemen. "We binne ien fan de earste rederijen dy't op LNG fart en dy't lichte aluminiumskippen bout. Dy sitte fol mei nije technyk. En as der mear technyk yn sit, kin der ek mear stikken. Dus we hienen wol op problemen rekkene, mar eins hopen we wol dat it wat minder wêze soe."

(Advertinsje)
(Advertinsje)