Giel hier en giele neils nei swimmen yn wetter De Pein

Wa't swimt yn de Peinder Mieden en oan de Wijtze Brandsmaloane yn De Pein, krijt giel hier en giele neils. De gemeente Smellingerlân stelt dêrom in swimferbod yn.
© Noordernieuws/De Vries Media
De gemeente hie ferskate meldingen krigen fan minsken dy't giel hier en giele neils krigen nei it swimmen. Yn oerlis mei Wetterskip Fryslân is it ferbod ynsteld.
By it wetter steane no ek buorden mei 'verboden te zwemmen'. Wetterskip Fryslân docht ûndersyk nei de wetterkwaliteit.