Praktykdosinten krije foarrang as priklokaasjes faksin oerhâlde

07 jun 2021 - 16:35

Learkrêften yn it praktykûnderwiis dy't net genôch ôfstân hâlde kinne ta learlingen, komme fan takom woansdei ôf yn oanmerking foar in coronafaksin op de reservelist.

Foto: Shutterstock

De GGD hantearret dy list foar it gefal op ien lokaasje faksin oer is oan de ein fan de dei. Alle dagen hâldt de GGD op elk fan de acht faksinaasjelokaasjes tusken de nul en tsien faksins oer.

It giet yn dit gefal om leararen dy't oant no ta noch gjin útnûging hân ha om in ôfspraak foar in faksinaasje te meitsjen. Oant no ta kin elkenien dy't yn 1986 of earder berne is in ôfspraak meitsje. De ûnderwiisynstellingen kinne minsken út it praktykûnderwiis oanmelde foar de reservelist.

500 'schrijnende' gefallen yninte

Oant koartlyn setten húsdokters minsken út de eigen rûnte op de list, as it om 'schrijnende' gefallen gong. Sûnt mids april hat GGD Fryslân 500 'schrijnende' gefallen yninte. Yntusken ha alle minsken mei in medyske yndikaasje in reguliere útnûging krigen, seit de GGD.

(Advertinsje)
(Advertinsje)