Trije Friezinnen yn top 10 fan 10 jier Boerinnekalinder

07 jun 2021 - 15:54

Yn de top 10 fan boerinnen op de kalinders fan de lêste tsien jier binne trije Friezinnen keazen. Jildau, Frederique en Marissa einigen op it fiifde, sechsde en tsiende plak. Dêrmei is Fryslân it meast fertsjintwurdige op de list.

De kalinder wurdt al tsien jier makke. Om dat jubileum te fieren wie de organisaasje fan doel in grut feest te hâlden, mar troch corona gie dat oer. Doe is besletten om it publyk stimme te litten út de 144 makke kalinderplaten. Der is hast 25.000 kear stimd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)