'Dielen fan Fryslân ôfslute mei wolvestek is net nedich en net hâldber'

It is net nedich om dielen fan Fryslân ôf te sluten mei in stek tsjin de wolf en boppedat is it juridysk net hâldber. Dat sizze trije natuerorganisaasjes en de universiteit fan Tilburg moandei, yn reaksje op in juridysk ûndersyk dat de stichting Wolvenhek Fryslân dwaan litten hat.
© ANP
As skiep en oar fee beskerme wurde tsjin in oanfal, hat in wolf op de keale boulannen hielendal neat te sykjen en giet er nei in oar gebiet. Boppedat hat Nederlân ynternasjonale ferplichtingen op it mêd fan natuerbeskerming. Dêrom mei Nederlân ek net potinsjeel gebiet dêr't de wolf libje kin ôfslute.
De trije organisaasjes dy't dat sizze, binne de Zoogdierenvereniging, Studio Wolverine en ARK Natuurontwikkeling. Se reagearje op in juridysk ûndersyk dat de stichting Wolvenhek Fryslân koartlyn dwaan liet. Neffens de juristen fan dat ûndersyk is it pleatsen fan in wolvestek yn Fryslân net yn striid mei natuerbeskermingswetten.
Mar de organisaasjes sizze no dat it Hôf fan Justysje fan de EU al ferskate kearen útsprutsen hat dat swier beskerme soarten lykas de wolf sels bepale moatte kinne wêr't se har fêstigje.

'Raster is genôch'

De natuerbeskermers sizze dat it pleatsen fan rasters by in keppel skiep of oar fee genôch is om in wolf ôf te skrikken. In keppelwekhûn kin ek helpe. In wolf dy't in pear kear skrikt of pine hat, giet wol fuort. Hielendal as der gjin natuerlike dekking is, lykas op de Fryske gerslannen.
Ferskate partijen yn it lân pleitsje foar it ynstellen fan wolvefrije sônes. Mar neffens de organisaasjes soe gjin inkeld foarstel foar in wolvefrije sône it oerlibje by de Europeeske rjochter.