Trochsneed tal nije coronabesmettingen bliuwt sakjen

07 jun 2021 - 15:19

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 49 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der tsien mear as snein. Doe gie it om 39 besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 53 deis. Juster lei dat trochsneed noch op 57, in wike lyn op 84. De lêste kear dat it trochsneed leger lei, wie op 29 septimber ferline jier.

Fiif gemeenten sûnder nije gefallen

De measte nije besmettingen binne moandei meld yn de gemeente Ljouwert (21). Dêrnei komt Súdwest-Fryslân mei 7. Yn fiif Fryske gemeenten binne moandei gjin nije besmettingen meld. Dat giet om Harns, De Fryske Marren, Flylân, Skylge en Skiermûntseach.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus en der binne ek gjin persoanen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik ek ûnder trochsneed

Lanlik binne 1.490 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 2.206 deis.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)