Wurkjouwers dogge oanbod yn cao foar personiel yn tsiispakhûsbedriuwen

07 jun 2021 - 15:04

De goed 4.500 wurknimmers dy't ûnder de cao fan it tsiispakhûsbedriuw falle, kinne mei yngong fan 1 july in leansferheging fan 2 prosint temjitte sjen en mei yngong fan 1 jannewaris takom jier nochris 2,75 prosint mear lean. Dat oanbod dogge de wurkjouwers om "rust in de sector" te bewarjen.

Foto: Omrop Fryslân

De wurkjouwers en de fakbûnen ha snein praat nei't de ûnderhannelingen oer in nije cao yn april klapten. FNV woe dat grutte bedriuwen as FrieslandCampina en Royal A-ware mei in eigen cao komme soenen en fierde al aksje by it tsiisfabryk yn Wolvegea. De jûnsploech begûn twa oeren letter.

De fakbûnen ha it nije oanbod yn beried.

Trefwurden: 
CAO tsiis fakbûn lean suvelsektor
(Advertinsje)
(Advertinsje)