Doarpsmûne Reduzum hat 500 leden nedich foar nije wynturbine

07 jun 2021 - 13:51

Reduzum kin in nije doarpsmûne krije, mar dêrfoar hat de koöperaasje wol 500 leden nedich. It is ien fan de betingsten yn de subsydzje-oanfraach dy't de stichting Doarpsmûne Reduzum yntsjinne hat.

De doarpsmûne yn Reduzum - Foto: Omrop Fryslân

Alle fergunningen binne yntusken binnen en alle prosedueren binne trochrûn. Nei rûzige jierren sjocht de takomst der foar de Reduzumer wynturbine wer goed út. Mar der moat noch wol wat barre en dêrom wurdt der partisipaasje socht fan de doarpsbewenners.

Jeljer Zijlstra fan de koöperaasje hat der alle fertrouwen yn dat de nije turbine der komt. "Wy binne sân jier dwaande en we ha goede hoop dat dit kear alle seinen op grien stean en dat we dy 500 leden ek binnenhelje."

De doarpsmûne hat 26 jier draaid en Zijlstra hopet dêr noch 26 jier oan fêst te plakken. "Mar dêr ha we wol echt in nije turbine foar nedich."

Se sille by de doarren del om leden te winnen. Net allinnich yn Reduzum, mar ek yn Friens, Tsienzerbuorren en Idaerd. Leden moatte ien kear in bydrage fan 5 euro betelje foar ûnbepaalde tiid.

Op basis dêrfan krije se dan ek in winstútkearing takend, leit Zijlstra út. "Dy winstútkearing kinne sy dan wer besteegje oan it doarp. Dat keppelje we oan it ferieningslibben, de sportklups, en op dy manier profitearje de doarpen fan dy subsydzjeregeling."

Oant no ta binne sa'n 100 leden binnenhelle en Zijlstra ferwachtet dat dêr yn alle gefallen nochris 100 by komme sille. Oer de restearjende 300 leden sit er ek net yn. "We ha 550 adressen, mar we kinne altyd noch útwike nei de omlizzende doarpen: Raerd, Easterwierrum, Mantgum, Wurdum, Grou, Jirnsum. Wytgaard kin ek noch meidwaan."

Jeljer Zijlstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)