Súdwesthoeksk leare? Skriuwer Joël Hut biedt in kursus oan

Dichter Joël Hut (26) fan Sint-Nyk biedt online in minykursus Súdwesthoeksk oan. Dat is ien fan de talen yn Fryslân neist it Klaaifrysk en Wâldfrysk. Yn de Súdwesthoeke sizze se 'sköle' yn plak fan skoalle en 'futten' yn plak fan fuotten. Sels skriuwt er ek yn syn memmetaal.
© Facebook De súdjouwerij
Ferline jier brocht er in dichtbondel út en no hat er in novelle skreaun dy't er yn eigen behear útjout. "Mei de kursus wol ik dat der mear oandacht komt foar it Súdwesthoeksk. Dat mear minsken it lêze kinne en ek dat se har eigen memmetaal skriuwe kinne." En tagelyk is it promoasje fan syn boek Wat oerblûwt.
Der is net in offisjele skriuwwize foar it Súdwesthoeksk, ien fan de trije haaddialekten dy't yn Fryslân praat wurdt. "Dat ha ik sels útsocht. Ik brûk it standertfrysk as rjochtline en dêr wêr't ik it oars útsprek, skriuw ik it oars op. Dat is wat mear fonetysk." Der binne ek regionale ferskillen. It Lemsters is wer krekt wat oars as it Gaasterlânsk. "It Súdwesthoeksk stiet tichter by my. It rekket oan myn hert. It docht my goed en ik fiel my derby op myn gemak."
© Facebook De súdjouwerij
Joël Hut
Belangstellenden kinne har opjaan fia Facebook of maile nei desudjouwerij@gmail.com.