Foarsitter CDA Fryslân oer kwestje Van Lienden: "Naast juridische kant gaat het ook om moreel kompas"

07 jun 2021 - 13:06

Sywert van Lienden is it petear fan de dei yn de media en polityk. Hy is de man dy't miljoenen fertsjinne oan in deal mei de levering fan mûlkapkes oan de oerheid. Der sit ek in Frysk aspekt oan de saak, want de saaklike partner fan Van Lienden is Camile Gestel út Warkum. Ek dy hat der goed oan fertsjinne.

Sywert van Lienden - Foto: ANP

CDA-er Van Lienden sei dat er it foar de goede saak die en der net oan fertsjinne. Hy siet snein yn it telefyzjeprogramma Buitenhof. "Dat interview heb ik wel gezien", fertelt Theo Joosten, foarsitter fan it CDA Fryslân. "Het was een pittig interview. Hij gaf aan dat hij een paar dingen verkeerd had gedaan, maar hij deed ook nieuwe mededelingen. Hij zei onder andere dat hij jet CDA zou hebben ingelicht en dat was nog niet eerder bekend gemaakt. Dat was wel een verrassende mededeling." Der wurdt útsocht oft Van Lienden it meld hat by it CDA.

Joosten fynt it net geunstich foar de partij dat sa'n prominint lid sa yn it nijs komt. "Het is een individuele actie, maar die straalt helaas wel uit op de hele partij, maar dat wil niet zeggen dat de partij zo handelt en denkt. Het is een individueel lid dat dat gegaan heeft."

Hy sjocht twa aspekten yn de diskusje. "Er zit een formeel juridische kant aan, er wordt uitgezocht wat er is gebeurd en of dat correct is in juridische zin. Maar het heeft ook een andere laag, de persoonlijke integriteit. Ik vergelijk het met huisjesmelkers in de grote steden. Juridisch kan het wel, maar dat wil niet zeggen dat het juist en goed is. Integriteit heeft ook een persoonlijke noot, een moreel kompas."

Joosten wachtet earst it ûndersyk ôf foardat er sizze kin hoe't de takomst fan Van Lienden der by de partij útsjocht.

Theo Joosten

(Advertinsje)
(Advertinsje)