Gertjan Verbeek by Almere City FC wer oan de slach as trainer

07 jun 2021 - 12:21

Gertjan Verbeek is de kommende twa seizoenen trainer fan Almere City FC. De Jobbegeaster siet it ôfrûne jier sûnder klup, nei't er by it begjin fan de coronatiid fuortgien is by Adelaide United út Australië.

Gertjan Verbeek by Almere City FC

"Na een aantal goede gesprekken de afgelopen periode ben ik overtuigd van de ambitie die Almere City FC heeft en wil ik graag de club vooruit helpen om die ambitie te verwezenlijken", fertelt Verbeek op de webside fan syn nije klup. "De organisatie staat en de randvoorwaarden om te presteren zijn aanwezig. Ik kijk ernaar uit om te beginnen!"

Foto: Orange Pictures

De klup út Almere hopet op koarte termyn te promovearjen fanút de earste difyzje nei de earedifyzje. It ôfrûne jier slagge dat net: yn de play-offs ferlear Almere City fan NEC.

Almere City is de sechde Nederlânske klup dêr't Verbeek oan de slach giet. Yn it bûtenlân wurke er yn Dútslân en Australië.

Gertjan Verbeek

(Advertinsje)
(Advertinsje)