Snitser follybalklup hat seleksje rûn foar kommend seizoen

07 jun 2021 - 11:03

VC Snits hat de seleksje foar it earste foar it kommende seizoen rûn mei de komst fan Anniek Siebring en it bytekenjen fan Danique Aardema.

Aardema (23) spile de lêste twa seizoenen foar de Snitser follybalklup. Siebring (24) komt werom nei't se trije jier yn it bûtenlân spile hat.

VC Snits komt kommend seizoen yn de Nederlânske Earedifyzje út.

(Advertinsje)
(Advertinsje)