Alvestêdegolfaksje smyt 11.111 euro en 11 sint op foar Foppe Fûns

07 jun 2021 - 10:47

Golfer Auke Hempenius, oarspronklik fan Garyp, hat ôfrûne wykein by alle alve golfbanen del west dy't Fryslân telt. Hy die dat foar it Foppe Fûns. De tocht begûn freedtemoarn en einige sneintemiddei by golfclub De Groene Ster by Ljouwert. It wiene lange dagen, mei ek de Waadeilannen deryn belutsen. Mei syn aksje helle er 11.111 euro en 11 sint op.

Auke Hempenius op de golfbaan - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"Dat bedrach mei al dy alven is net tafallich, mar it sit der sawat omhinne. Dus doe seinen we: dan moat dit it wêze", seit Fries om utens Auke Hempenius. It wykein hat him goed foldien. "It wie in wykein mei allinne mar hichtepunten en ik bin hiel grutsk wat we ophelle hawwe. Sneontejûn wie ik echt kapot. De earste dei wie it swierst, mar fannacht ha ik slept as in baarch."

De baan op It Amelân wie bysûnder. "We kamen wat letter oan as pland, dus ik koe pas om healwei tsienen jûns ôfslaan en tsien foar alven ha we de lêste ôfslein. Yn it tsjuster dus." Neist it goede doel wie it ek syn missy om de golfbanen ûnderling mei elkoar te ferbinen. "Ik woe sjen litte dat Fryslân in provinsje is dêr'tst ek moai golvje kinst."

It smakket nei folle mear. "Ik ha sein dat ik dit noch wol alve kear dwaan wol. Safolle wille ha ik hân mei it team."

Auke Hempenius

(Advertinsje)
(Advertinsje)