FNV Spoor wol ûnbefeilige oerwegen fuortendaliks slute: "Dit moet stoppen"

07 jun 2021 - 07:52

It fakbûn FNV Spoor ropt op om fuortendaliks ûnbefeilige spoaroergongen te sluten. It bûn docht dat nei oanlieding fan it deadlik ûngelok ôfrûne wykein op it spoar by Boazum.

Henri Janssen - Foto: ANP

FNV Spoor fynt dat ProRail net genôch avesearret mei it oanpakken fan de ûnfeilige oergongen. It bûn wol sa gau mooglik om tafel mei steatssekretaris Stientje van Veldhoven fan Ynfrastruktuer en Wettersteat om te praten oer maatregels.

"Vanaf 2003 liggen er al rapporten, onder andere van de Onderzoeksraad voor Veiligheid, dat al die onbeveiligde overgangen gesloten dan wel beveiligd moeten worden", seit bestjoerder Henri Janssen fan FNV Spoor. "We zijn nu zeventien jaar en ik weet niet hoeveel doden verder, dit moet ophouden." Neffens Janssen binne der dit jier al seis deaden fallen op spoaroergongen, wêrfan't fjouwer op ûnbefeilige oerwegen.

In man en in frou fan 79 jier út it Noard-Hollânske Schagen kamen sneon by Boazum om it libben neidat in trein tsjin har auto botste, op in net befeilige oergong. It is yn Fryslân de twadde deadlike oanriding op in ûnbefeilige oerwei yn fjouwer jier. Yn maart 2017 kamen in heit fan 31 jier en syn soantsje fan 3 jier om it libben by de spoaroergong op de Alde Trekwei by Harns.

"Als er niet beveiligd kan worden, moet er gesloten worden", seit Janssen. "En tot die tijd de snelheid dramatisch naar beneden, waardoor zowel de machinist als de burger of agrariër die van de onbeveiligde overgang gebruik maakt, kans hebben om nog iets te redden wat er te redden valt."

Janssen hat fûle krityk op de ferantwurdlike ynstânsjes. "We zijn hard aan het werk, ProRail, het ministerie, de provincies, de burgemeesters en wethouders, iedereen werkt hard aan stapels papieren om te beschrijven bij elke dode, sorry dat ik het zeg, dat er nu serieus doorgepakt moet worden. En dan ligt er weer papier."

Foto: OpenStreetMap | Omrop Fryslân

Yn Fryslân binne noch njoggen iepenbiere, net befeilige spoaroergongen. Fjouwer lizze yn de gemeente Waadhoeke en fiif yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Yn hiel Nederlân binne noch sa'n 280 ûnbefeilige oerwegen, wêrfan't der 180 iepenbier tagonklik binne. De ambysje is om yn 2023 al dizze gefaarlike spoaroergongen oanpakt te hawwen.

Neffens Janssen stiet de oerwei by Boazum al in skoft op de planning om oanpakt te wurden. "Geld is vrijgemaakt, de gemeente is akkoord, ProRail is akkoord, iedereen is al twee jaar akkoord dat deze overweg beveiligd moet worden. Dan is het toch niet meer uit te leggen dat hij nu nog niet beveiligd is? Daar hoef je toch geen rapport meer over te schrijven?"

Bestjoerder Henri Janssen fan FNV Spoor

ProRail lit yn in reaksje witte dat der sûnt ein 2020 in akkoart is mei partijen om de oerwei by Boazum te befeiligjen en dat de tariedende wurksumheden dêrfoar al yn gong set binne. De spoarweibehearder ferwachtet de oergong uterlik begjin 2023 fan spoarbomen, bellen en lampen te foarsjen. De kosten dêrfan wurde betelle troch ProRail, de provinsje en de gemeente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)