Drachtster pear De Vries 75 jier troud: blommen en brieven yn plak fan besite

Presys 75 jier lyn stapten Minze de Vries (101 jier) en Jintje Riemersma (96 jier) yn it houliksboatsje. Om't de sûnens fan it pear út Drachten kwetsber is, krijt it moandei brieven en blomstikken yn stee fan besite.
© Sieta Stel Fotografie
Op 7 juny 1946 joegen de Vries en Riemersma inoar it jawurd. Neffens soan Sieto de Vries is der gjin geheim foar sa'n lang houlik: "Heit en mem libje in regelmjittich libben, se drinke ek gjin alkohol. En it is spitich dat se net mear kuierje kinne. Ik tink dat jo gewoan wat gelok ha moatte."
It albasten stel wennet mei in soad nocht yn wensintrum De Warrenhove yn Drachten. Neist harren fjouwer bern hawwe se njoggen pake- en beppesizzers en sechtjin oerpake- en oerbeppesizzers.

Gjin besite

Fanwegen de sûnens fan famylje De Vries komt boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân net by it pear oan de doar. Dat jildt ek foar Geert Jan Douma, dy't oars út namme fan it keningshûs delkomme soe. Dat is yn oerlis mei it pear en de bern besletten.
Yn plak dêrfan krijt it pear in blomstik en in brief mei lokwinsken út namme fan it Keninklik Hûs. Ek de gemeente lit in blomstik en in brief mei lokwinsken besoargje.