Tsiismeiwurkers FrieslandCampina yn Wolvegea fiere aksje foar cao

Personiel fan it tsiisfabryk fan FrieslandCampina yn Wolvegea fiert sneintejûn aksje foar in bettere cao. Se ha noch gjin cao en út protest begjinne se dêrom twa oeren letter mei har tsjinst.
© Shutterstock.com / Ruta Production
De ûnderhannelings foar in nije cao binne neffens it fakbûn op neat útrûn troch in minimaal einbod fan de wurkjouwers. De FNV seit dat it derop del komme soe dat de minsken der yn keapkrêft op achterút gean soene.
"Feitelijk zijn de werknemers bij het FrieslandCampina kaasbedrijf al 13 jaar niet 1 euro opgeschoten", seit FNV-bestjoerder Ron Vos. "Om nog maar te zwijgen over de verschraling van hun pensioen."

Ald-direkteur fuort mei preemje

It stekt de meiwurkers dat in âld-finansjeel direkteur fan it bedriuw fuortongen is mei in preemje 'van ruim 6 nulllen', neffens it fakbûn. Vos: "De premie ontving ze, nadat ze vrijwillig opstapte. Ze werkte slechts 4,5 jaar voor het kaaspakhuisbedrijf."
De FNV wol by in cao fan twa jier in leansferheging fan 10 prosint. Boppedat wol it bûn dat meiwurkers mei swier wurk earder ophâlde kinne.

Ek net mear oerwurkje

Njonken dat it personiel snein twa oeren letter begjint, wurkje se de kommende tiid net mear oer. Mocht dat net helpe, dan komme der hurdere aksjes, seit de FNV.
By FrieslandCampina yn Wolvegea wurkje sa'n 220 minsken.