Argewaasje oer nije bistewet: 'net neitocht oer gefolgen'

06 jun 2021 - 17:58

Grutte argewaasje by Albert van der Ploeg oer de oanpassing fan de Wet Dieren. Neffens de foarsitter fan de Noardlike Fryske Wâlden en bestjoerder by ferskate lânbou-organisaasjes is de wet folslein ûnútfierber. Hy tinkt dat de Haachske polityk net neitocht hat oer de gefolgen.

It nijsfoarum mei Hendrik Sijtsma, Femke Molenaar en Albert van der Ploeg - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Yn de wet is in amendemint opnaam dat bisten har net langer hoege oan te passen oan har húsfêsting en dat se net permanint de mooglikheid ûntnaam wurde mei om 'natuurlijk gedrag' te toanen.

Konkreet soe dat neffens CDA-pommerant Van der Ploeg betsjutte dat in parkyt net mear yn in koai mei, in hûn net oan de riem en by kij de hoarnen net der ôfhelle wurde meie.

Van der Ploeg teloarsteld yn Earste Keamer

De polityk hat neffens Van der Ploeg net yn de gaten hân wat se mei it amindement feroarsaakje, by it oannimmen fan dizze wet. "It falt my ôf fan de Earste Keamer. Dy moatte sjen oft it helber is en dêr hawwe se net iens nei sjoen."

Van der Ploeg fynt dat de wet fierstente fier giet en we neitinke moatte oer de relaasje tusken minske en bist. "We sjogge de húsdieren as partner of húsgenoat. Wêr einiget dit?"

Albert van der Ploeg dielde syn soargen yn it radioprogramma Buro de Vries by Omrop Fryslân. Dêr is hy fêste gast yn it nijsfoarum.

Ferantwurdlik demisjonêr minister Carola Schouten besjocht noch wat krekt de konsekwinsjes binne fan de wet en "hoe het zich verhoudt tot andere wetten en regels". De fraach is bygelyks wat as 'natuurlijk gedrag' beskôge wurde moat.

Net sa yngripend as tocht

Heechlearaar bistewolwêzen Bas Rodenburg fan de Universiteit Utrecht sei earder dizze wike tsjin de NOS dat de wet net sa yngripend wurdt as wêr't guon minsken benaud foar binne.

It is neffens Rodenburg wol goed as eigeners fan húsbisten neitinke oer it wolwêzen fan de bisten. "Dat ze zich afvragen: kan ik misschien wat verbeteringen aanbrengen in de huisvesting? Maar daarbij denk je toch eerder aan goede voorlichting, en vraag je je af of je dat via de wet nou zo veel gaat verbeteren. Er zijn miljoenen huisdierhouders. Hoe ga je dat controleren?"

Foar de simmer mear ynformaasje

De wet giet yn op 1 jannewaris 2023. Schouten jout de Twadde Keamer foar de simmer mear ynformaasje oer de wet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)