Rûte nei Tokio wurdt dreger foar heechspringer Amels nei FBK Games

06 jun 2021 - 21:52

Heechspringer Douwe Amels fan Drachten is snein op de FBK Games yn Hengelo net tichterby pleatsing foar de Olympyske Spelen kaam. Hy kaam ta in hichte fan 2,20 meter. Dêrmei waard er sânde.

Amels is net tefreden mei syn prestaasje fan snein:

De 29-jierrige Amels sprong direkt oer 2,15 meter. Op 2,20 meter gong it dreger, mar by de tredde kear helle er dy hichte ek. De folgjende hichte, 2,24 meter, rêde er net op.

It is wol Amels syn bêste prestaasje op de FBK Games, want syn foarige bêste resultaat dêr wie 2,19 meter. It resultaat fan snein komt lykwols net yn de buert fan syn persoanlik rekôr fan 2,28 meter. Dat sprong Amels yn 2013 al. Twa jier lyn helle er dyselde hichte.

Douwe Amels - Foto: Orange Pictures

De ôfrûne twa jier wienen dreech foar Amels, mei blessueres. Nei eigen sizzen hat er de line omheech wer te pakken. Hy hat noch oant 29 juny om him te pleatsen foar de Olympyske Spelen.

Om him direkt te pleatsen foar de Olympyske Spelen, moat er foar 29 juny heger as 2,33 springe. Yn totaal dogge yn Tokio 32 heechspringers mei. Dat binne dus alle atleten dy't oer 2,33 sprongen ha, oanfolle mei de bêste heechspringers dy't dêrnei komme.

Amels syn bêste prestaasje dit seizoen is 2,24 meter.

It Nederlânsk kampioenskip atletyk is op 26 en 27 juny. Amels is sân kear nasjonaal kampioen wurden yn de bûtenloft.

(Advertinsje)
(Advertinsje)