UPDATE: Persoan yn wetter op It Hearrenfean net troch misdriuw omkaam

De persoan dy't sneintemiddei dea fûn is yn in sleat op It Hearrenfean, is net troch in misdriuw om it libben kaam. Dat hat de plysje nei ûndersyk fêststeld.
© Noordernieuws/De Vries Media
It lichem waard snein fûn yn in sleat lâns de Rottumerweg. De dyk waard mei skermen ôfset, sadat de plysje ûndersyk dwaan koe.
Sneintejûn wie dat ûndersyk dien. Doe melde de plysje dat it gong om in man fan 30 jier fan It Hearrenfean, en dat hy dus net troch in misdriuw om it libben kaam is.