Acht Fryske gemeenten melde snein gjin nije besmettingen

06 jun 2021 - 15:15

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 39 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der sân mear as sneon. Doe gie it om 32 besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 57 deis. In wike lyn lei dat trochsneed noch op 89. De lêste kear dat it trochsneed leger lei, wie op 29 septimber ferline jier.

Acht gemeenten sûnder nije gefallen

De measte nije besmettingen binne snein meld yn de gemeente Ljouwert (11). Dêrnei komt Noardeast-Fryslân mei 5. Yn acht Fryske gemeenten binne snein gjin nije besmettingen meld. Dat giet om Achtkarspelen, Harns, Eaststellingwerf, Waadhoeke en de fjouwer eilannen.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus en der binne ek gjin persoanen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik ek ûnder trochsneed

Lanlik binne 1.596 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 2.287 deis.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)