Bouwmeester krekt njonken poadium op lêste test foar Olympyske Spelen

06 jun 2021 - 21:51

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is fjirde wurden op de Allianz Regatta yn Medemblik. Yn de ôfslutende medal race fan snein die se it better as de trije sylsters boppe har yn it klassemint, mar it ferskil wie net grut genôch om te klimmen nei in poadiumplak.

"Ik moat der noch even wer ynkomme", sei Bouwmeester nei ôfrin:

Bouwmeester, dy't meidocht yn de Laser Radial-klasse, hie gjin goede útgongsposysje. Nei in pear mindere races wie se fuortsakke nei it fiifde plak. Yn de medal race kaam se noch wol yn de buert fan it poadium, mar se kaam krekt twa punten tekoart foar it brûns. Dat gong no nei Agata Barwinska út Poalen.

De winst wie foar Marie Barrue út Frankryk, en de Hongaarske Maria Erdi pakte sulver. Mirthe Akkerman, fan Akkrum, waard achttjinde yn it einklassemint. Marissa IJben is 47e wurden.

Lêste test

De wedstriid yn Medemblik is ien fan de grutte foarjiersklassikers yn it silen. En dat net allinnich, it wie foar Bouwmeester ek de lêste test foar de Spelen yn Tokio fan kommende simmer.

Marit Bouwmeester - Foto: Sander van der Borch

In blessuere oan de earmtakke soarget derfoar dat har tarieding diskear net optimaal is. By de lêste Olympyske Spelen, yn 2016, pakte Bouwmeester it goud.

Goud foar Van der Meer

De iennige Fryske medalje op de regatta fan Medemblik is foar Laila van der Meer fan Grou. Se sylde mei Bjarne Brouwer yn de Nacra-klasse. It duo stie foar de medal race al op it earste plak, mei sa'n grutte foarsprong dat se net mear yn te heljen wiene.

Bjarne Brouwer en Laila van der Meer - Foto: Sander van der Borch

By de manlju dienen de Friezen Willem Wiersema en Thomas Westerhof yn de Laser Radial-klasse net mei om de prizen. Se waarden respektyflik 34e en 58e.

(Advertinsje)
(Advertinsje)