Sjonge mei wer yn tsjerke, al is it op praatnivo

06 jun 2021 - 14:13

Tsjerken kinne fan snein ôf wer mear minsken binnen de doarren hawwe by tsjinsten. Der meie no op syn meast 60 minsken by in fiering wêze. By tsjerkesealen mei mear as tûzen sitplakken meie op syn meast 250 minsken komme.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Tsjerkegongers moatte yn 't foar oanjaan dat se komme. En sy meie gjin klachten hawwe. Sjonge mei wol, mar op 'praatnivo' en ek mar in pear ferskes yn in tsjinst.

Hoewol't tsjerken wer mear minsken talitte meie, binne tsjerken yn Fryslân noch tige foarsichtich. De measte tsjerkegongers binne aardich op leeftiid en wachtsje noch efkes ôf.

Weromhâldend

Dat fernimt ek Natascha Verweij, foarsitter fan de tsjerkeried fan de Jakobinertsjerke yn Ljouwert. "Ik denk dat mensen nog terughoudend zijn. Er komen de laatste zondagen ongeveer vijftien mensen per dienst."

Yn de tsjerke kinne 400 minsken sitte. "Ik hoop dat we na de zomer weer vol zitten. We zijn nu bezig met een plan om de mensen weer terug te krijgen in de kerk."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Sûnt dit wykein mei der ek wer in bytsje songen wurde, op praatnivo. Dat die in inkeling yn de tsjerke. "Dat heeft ook te maken met voorzichtigheid. En bovendien hebben we als kerkenraad nog geen beslissing genomen wat we gaan doen. Dat doen we dinsdag op de vergadering, Dat zingen is nog mondjesmaat, twee coupletten aan het end van de dienst. Mensen willen uit volle borst zingen, hun gevoel laten spreken. Maar dat mag niet. Bizar eigenlijk. Aan de andere kant hebben we wel te maken met een gevaarlijk virus en een kwetsbare groep."

Yn de Jakobinertsjerke song in koar fan fjouwer leden.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust wie by de Jakobinertsjerke yn Ljouwert

Wer moetsje

Klassisdûmny Wim Beekman hopet dat it no de goeie kant op giet, sa skriuwt hy oan de Fryske tsjerken. "Van harte hopen we dat wij als gelovigen elkaar de komende maanden in alle zorgvuldigheid meer en meer van aangezicht tot aangezicht kunnen ontmoeten in vieringen, pastoraat en andere samenkomsten. Moge God die ons in de bewogen tijden van beperkingen is voorgegaan, ook in de mogelijke verruimingen waar wij naar uitzien, ons leiden en behoeden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)