Roeister Ymkje Clevering pakt goud by fjouwer-sûnder-stjoerfrou

Ymkje Clevering fan Haulerwyk hat mei har team in gouden medalje wûn op it tredde wrâldbekertoernoai fan it seizoen. It gie om de fjouwer-sûnder-stjoerfrou, dêr't njonken Clevering ek Elisabeth Hogerwerf, Karolien Florijn en Veronique Meester yn sieten.
Ymkje Clevering © Merijn Soeters
De froulju kamen oer de finish mei twa boatlingten foarsprong op de konkurrinsje. Ein ferline moanne wie der al wrâldbekergoud yn Luzern. De fjouwer froulju pakten ek sulver yn 2019 by it WK en pakten yn april de tredde Europeeske titel op rige.