Hurdfytser slim ferwûne nei oanriding op it Alddiel yn Ljouwert

Op it Alddiel yn Ljouwert hat sneintemiddei in oanriding west mei in auto en in hurdfytser. Neffens de plysje giet it om in earnstige oanriding en is it slachtoffer slim ferwûne. It Alddiel leit oan de eastkant fan de stêd, by de Griene Stjer. De persoan op de fyts is nei it sikehûs brocht.
© Kappers Media
Hoe't it krekt mei it slachtoffer is, is net bekend makke. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.