Judoka Tornike Tsjakadoea rap útskeakele op WK

06 jun 2021 - 13:28

Judoka Tornike Tsjakadoea fan Ljouwert is al rap útskeakele op it WK yn Boedapest. Yn de earste ronde wie er frij, in ronde letter ferlear er fan Lenin Preciado út Ekwador.

Judoka Tornike Tsjakadoea - Foto: Orange Pictures

De 24-jierrige Tsjakadoea wie de earste Nederlânske judoka dy't op it WK yn aksje kaam. Syn doel wie om mei te dwaan om de medaljes. Earder dit sizoen pakte er noch brûns op de Doha Masters yn Katar.

Mar op it WK wie it dus al gau klear foar Tsjakadoea yn de kategory lichtgewicht (-60 kg). Mei twa kear waza-ari wie Preciado, de nûmer 22 fan de wrâld, te sterk. Dy makke binnen trije minuten in ein oan it duel.

Op it WK fan 2019 yn Tokio wie it senario foar Tsjakadoea hast itselde. Doe ferlear er ek yn de twadde ronde, nei't er yn de earste ronde frij wie. Yn 2018 helle er de tredde ronde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)