Fertraging by Ofslútdyk troch ûngelok by Koarnwertersân

06 jun 2021 - 12:25

Op de Ofslútdyk wie sneintemoarn in kop-sturtbotsing. Dat barde op de hichte fan de brêge by Koarnwertersân, yn de rjochting fan Noard-Hollân nei Fryslân. Ien persoan is nei it sikehûs brocht foar kontrôle. Troch it ûngelok moat it ferkear wol rekken hâlde mei fertraging.

Foto: CAMJO media

Trochdat it ferkear oer ien brêge laat wurde moat en der ien rydstripe ticht is, ûntstie der sa'n trije kilometer oan file oan beide kanten. De plysje waard ynskeakele om it ferkear yn goede banen te lieden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)