Einlings kompensaasje taslagge-affêre: "Mar it boek is noch net sletten"

De oplossing fan de taslagge-affêre liket in gebed sûnder ein. Foar 1 maaie moasten 11.000 dupearden in kompensaasje fan 30.000 euro krije. Mar it die bliken dat goed 4.000 fan harren wol yn oanmerking komme, mar it jild net foar de deadline krije koene.
© Omrop Fryslân, René Koster
It duorre noch in moanne foar't it jild echt by Anoeska de Vries fan Garyp op de rekken stie. Sy is ien fan de Fryske slachtoffers. "Ik haw hiel lang posityf west, mar ik merk no dat ik lilk wurd. It is in binde."
Anoeska de Vries is bliid dat sy de kompensaasje no lang om let hat. Mar it fielt dûbeld, om't it foar in soad oaren sa fier noch net is. "Dit boek kin dêrom noch net sletten wurde," seit sy.
Sy wie earder ferbjustere dat it net slagge om 1 maaie te heljen. Sy sei: "Eins wurde je opnij dupearre. Wisten wy mar hoe't it fierder moast. Ik bin bang dat it noch hiel lang duorje sil. Fan ús wurdt ferwachte dat wy mar ôfwachtsje, mar sa wurket it net. Ik haw de ombudsman ynskeakele, dy't my holpen hat. Ik haw in e-mail nei de generaal-direkteur fan taslaggen stjoerd. Ik bin der klear mei, ik wol holpen wurde." Sy wachte al in healjier op it jild.

Ofwizing

Krekt foar 1 maaie krige sy lykas in soad oare dupearden in ôfwizingsbrief. "Dat wie net de bedoeling, dêr hat steatssekretaris Alexandra van Huffelen ek har ekskuzen foar oanbean. Mar dêrmei is de belofte fan 30.000 euro foar 1 maaie net neikaam."
Neffens De Vries is it noch hieltyd 'ien grutte binde.' "Net-organisearre, dingen wurde beloofd mar net neikaam, dupearden binne ûnrêstich en sitte yn ûnwissens. Sy binne drok dwaande mei oplossingen by de Belestingtsjinst, mar dy sjogge wy noch net."
Anoeska de Vries fan Garyp
De kommunikaasje is min, seit De Vries. "Der wurdt ek net neitocht oer wat der nei bûten brocht wurdt. It is moai dat Van Huffelen dingen nei bûten bringt. Sy sei koartlyn dat alle publike skulden frijskat wurde fan alle dupearden. Mar der binne ek private skulden. Dêrfan wurdt sein: wy binne dermei dwaande. Dan witte dupearden noch net wêr't sy oan ta binne."

Fierder wolle

Yn de holle wie sy allinne mar mei de ôfwikkeling dwaande. "It is net te dwaan, sa swier. Je wolle fierder mei je libben. Dit stikje efter je litte en trochgean mei in posityf libben. De tried wer oppakke."