OERSJOCH: Dit binne de 9 iepenbiere, net befeilige spoaroergongen yn Fryslân

06 jun 2021 - 21:54

Yn Boazum kamen sneon twa minsken om it libben trochdat in trein op in auto botste by in spoaroergong sûnder tafersjoch. Spoarbehearder ProRail is al jierren dwaande mei it oanpakken fan dizze punten. It ropt de fraach op hoefolle't der noch binne.

Foto: OpenStreetMap | Omrop Fryslân

It giet yn Fryslân om njoggen iepenbiere, net befeilige spoaroergongen yn Waadhoeke en Súdwest-Fryslân.

Fjouwer fan de spoaroergongen lizze yn de gemeente Waadhoeke en fiif lizze yn gemeente Súdwest-Fryslân. Dat docht bliken út in oersjoch fan ProRail. Njonken dizze njoggen iepenbiere spoaroergongen is ek noch in tal partikuliere oergongen.

Ambysje

ProRail en it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat wolle graach fan de saneamde NABO's (Niet Actief Beveiligde Overwegen) ôf. Dat plan rint al sûnt 2018. Yn Nederlân binne dêr noch sa'n 280 fan, wêrfan't 180 iepenbier tagonklik binne.

De ambysje is om yn 2023 al dizze gefaarlike spoaroergongen oanpakt te hawwen.

FNV Spoor: ProRail moat avesearje

It fakbûn FNV Spoor ropt nei oanlieding fan it ûngelok yn Boazum op om fuortendaliks net befeilige spoaroergongen te sluten. FNV Spoor fynt dat ProRail net genôch avesearret mei it oanpakken.

It bûn wol sa gau mooglik om de tafel mei steatssekretaris Stientje van Veldhoven om te praten oer maatregels.

Faak giet it om gebieten dêr't net in soad minsken it spoar oer hoege: it binne meast lânboudiken. As warskôgingstekens by net de befeilige spoarweioergongen steane in andreäskrús en buorden, mar der is gjin aktive befeiliging mei spoarbomen, bellen of ljochtsinjalen.

It komt dus del op de opmerksumens fan minsken sels, mar alle jierren binne der yn trochsneed twa stjergefallen troch ûngelokken by ditsoarte oergongen.

Oerlis nedich

In probleem is faak wol dat ProRail foar it opheffen fan in oergong gearwurkje moat mei weibehearders lykas gemeenten of provinsjes, oare belanghawwende organisaasjes en partikulieren dy't bygelyks fan in dyk ôfhinklik binne.

Foto: CAMJO media / Robert Jan Boonstra

Aldert Baas fan ProRail ferklearre sneon tsjin Omrop Fryslân mei man en macht te wurkjen oan it fuortheljen fan de gefaarlike punten.

Hy jout lykwols ek ta dat it somtiden lang duorret. "Het duurt te lang om dit soort overwegen aan te pakken, maar we moeten het samen met overheden en de omgeving doen. We willen graag snel, maar het is vaak ingewikkeld. We moeten tot goede plannen en financiering komen", seit er.

Hoe hef je in spoaroergong op?

De oanpak fan oergongen kin op ferskate wizen dien wurde. It leafst heft ProRail se op, al dan net mei in paralleldyk, spoartrep of fuotgongerstunnel. As dat net slagget, wol ProRail de oergongen befeiligje mei bomen, bellen en ljochtsinjalen. Yn Fryslân binne der al twa net befeilige oergongen opheft: by Frjentsjer en by Bears.

De njoggen noch besteande spoaroergongen yn Fryslân sûnder tafersjoch

Plak Ferwachte opheffing Dyk Funksje
Wjelsryp 2022 Greate Buorren Dyk fan Wjelsryp nei de buorskip Tsjeppenboer
Dronryp 2023 Keimptilsterdyk Dyk nei in buorkerij súdlik fan Dronryp
Dronryp 2023 Headyk Dyk nei in buorkerij súdeastlik fan Dronryp
Deinum-Blessum 2022 Aldleane Dyk tusken Deinum en Blessum, ek opnaam yn fyts- en kuierrûten
Boazum 2023 Singel Dyk fan Boazum nei in miny-camping
Drylts 2023 Zuidwesthoekweg Dyk nei in buorkerij
Easthim 2022 Nijesyl Dyk nei twa buorkerijen, westlik fan Drylts, boppe de buorskip Draaisterhuzen
Aldegea (SWF) 2022 Brekkenpaad Dyk nei twa huzen oan de Sypsleat, súdlik fan de Sipkemar
Hylpen 2023 Schuilenburg Dyk nei in wenbuorkerij súdlik fan Hylpen
(Advertinsje)
(Advertinsje)