FIDEO: Tsjerketsjinst út de Grutte of Martinitsjerke yn Snits wei

06 jun 2021 - 09:55

Yn Fryslân ferfalle in soad tsjerketsjinsten yn ferbân mei it coronafirus. Om Friezen dochs in tsjerketsjinst meimeitsje litte te kinnen, stjoert Omrop Fryslân alle sneinen live in tsjinst út. Dizze snein komt de tsjinst út de Grutte of Martinitsjerke yn Snits wei en set útein om 10.00 oere.

De tsjinst wurdt fersoarge troch de Evangelyske Mienskip Snits. De foargonger is Lourens du Plessis. It oargel wurdt bespile troch Bob van der Linde en fierdere muzikale begelieding komt fan Ytje Alhuisius, Marcel Krist, Marijke le Cluese, Trijntje Heemsbergen en Pieter de Vries.

De liturgy foar de tsjinst fan 6 juny is hjir te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)