Opsterlân yn petear oer frachtferkear by Wynjewâld

Gemeente Opsterlân is mei Eaststellingwerf yn petear oer de ferkearssituaasje oan de westkant fan Wynjewâld. Om de buorskippen Lyts Grins en Weinterp hinne is in soad oerlêst fan rap ridend ferkear en frachtferkear. It pleatslik belang fan Wynjewâld hat dit koartlyn by de gemeente oanjûn.
De Opper Haudmare troch de buorskip Lyts Grins © Google Street View
It giet benammen om frachtferkear dat út Haulerwyk wei komt. It kolleezje hat yn reaksje sein dat it probleem yn meardere gemeenten spilet en dat der oerlis nedich is om ta in goede oplossing te kommen.
Neffens it kolleezje spilet ek de provinsje in rol yn de petearen. Pleatslik belang fan Wynjewâld hat in wurkgroep foarme om ta te sjen op it proses.